tekst en yllustraasjes fan Mirjam van Houten Jelle is in gewoan jonkje, dat alle dagen gewoan nei skoalle ta giet. Dêr boartet er mei de bern, hy lústeret nei juf yn ’e rûnte en docht syn bêst op alle wurkjes. Dochs is ‘gewoan’ foar Jelle eefkes wat oars as ‘gewoan’ foar my. Jelle bellet bygelyks…
Jesse
Tekst fan Mindert Wijnstra (oer Mindert Wijnstra op sirkwy.frl) It sil dy gebeure: dyn heit wurdt oppakt, dyn mem wol ferhúzje út ’e stêd en do moatst ynienen nei in lytse doarpsskoalle. En dan krijst ek noch in oare namme! Joshua hat dêr sels net foar keazen, mar it liket mem in goed idee dat…
Omke Ule past op
tekst en yllustraasjes Paul van Dijk (depenvanpaul.nl) Omke Ule hâldt net fan drokte. Hy sit it leafst lekker yn ’e stoel mei in boek. Neat mis mei, dochs? No ja… eins sit it in bytsje oars. Omke Ule hâldt sa fan rêst, om’t er bang is foar wat der allegear fout gean kin. En dat…
Silke en miss Dee
tekst: Baukje Wytsma (oer Baukje Wytsma) yllustraasjes: Carla van der Heijde (carlavanderheijde.nl) Silke wennet op in pleats yn in lyts doarp. Alle dagen moat se mei de bus nei skoalle. Silke hat it net nei ’t sin op skoalle. Twa famkes moatte har altyd ha. Se fine har te sleau, se fine dat se te…
Prinses Pompebledsje
tekst en yllustraasjes: Barbara de Ruiter (barbaraderuiter.com) As tank foar harren help krije de kening en keninginne fan fee Foekje in moai peareltsje. Der sit in ferrassing yn, seit fee Foakje. Mar, och heden, in fûgel stelt it peareltsje fan de finsterbank! Op in dei komt der in famke út in wetterleelje. De hiele dei…
It deiboek
tekst: Janny van der Molen (jannyvandermolen.nl) 1890 – Geartsje is der klear mei. It kin dochs net sa wêze dat rike minsken alles bepale en dat gewoane minsken altyd mar hurd wurkje moatte en amper de boadskippen betelje kinne? Sy is net de ienige dy’t dat fynt: hieltyd mear minsken fine dat it tiid is…
Dingeman krijt wjukken
tekst: Eppie Dam (eppiedam.nl) yllustraasjes: Gerrit Terpstra (gerritterpstra.nl) Op in dei krijt Dingeman in spannende brief. Hy mei fan de ‘Stichting Landelijke Vakantie Voor Stadskinderen’ op fakânsje op in buorkerij mei 11 oare bern en pakes en beppes om harren te fermeitsjen. Dingeman wol graach nei de buorkerij en it komt mem ek wol goed…
De Weddenskip
Tekst: Lida Dykstra (lidadijkstra.nl) Yllustraasjes: Nina Peckelsen (ninapeckelsen.tumblr.com) Jari en Bernlef hâlde in weddenskip. De fraach is: wa sjocht it better? Jari is in jonge dy’t yn de stallen fan de pleatslike Jarl, in edelman, wurket. Bernlef is in skald, in dichter, dy’t omreizget en lieten sjongt. O ja, en hy is blyn. Dat soe…
De trije klokketiers fan Koartsweagen
tekst: Janny van der Molen (jannyvandermolen.nl) yllustraasjes: Monique Beijer (moniquebeijer.nl) Alle jierren giet groep 8 nei it eilân, mar dit jier is it oars. De klasse fan Pier, Lars en Noortje giet nei Koartsweagen. Pier en Lars moatte wol oan dat idee wenne. Koartsweagen, dêr is ommers allinne mar gers! Mar op ynternet ûntdekke se…
Heech Tymo, sjoch omheech!
tekst: Koos Tiemersma (froonakker.nl) yllustraasjes: Carla van der Heijde (carlavanderheijde.nl) Tymo syn mem is in Frou-Sûnder-Man. Der binne Froulju-Sûnder-Man dy’t dat hearlik fine, mar de mem fan Tymo heart dêr net by. Tymo mient dat syn mem wol wat help brûke kin, want de mannen dy’t sy útsiket, dêr kin Tymo net folle mei wurde….