tekst: Berber van der Geest (oer Berber van der Geest) yllustraasjes: Babs Wijnstra (www.babswijnstra.nl) Rolf hat honger. Hy trommelet op ’e tafel mei syn leppel en foarke. “Honger! Honger!” Mem giet gau mei it iten oan ’e gong. En dan wol Rolf witte: “Mem, wat ite wy hjoed?” Mar dat wol mem net samar fertelle….
Categorie: 2+

KoesBoek
tekst: Baukje Wytsma (oer Baukje Wytsma) yllustraasjes: Carla van der Heijde (carlavanderheijde.nl) Fan dy snústerige, plat-knuffele, net mear hielendal fris-rûkende koesers mei mar ien each en in pleister op har naaigroeden: binne se net geweldich? Foaral yn kombinaasje mei in pjut of beuker dy ‘t de eigen knuffel fol oertsjûging beskermet tsjin frjemde hannen en de waskmasine….
Ik bin in optocht
tekst: Lida Dykstra (lidadijkstra.nl) yllustraasjes: Noëlle Smit (noellesmit.nl) Mûske Wobbeltsje hat wat moais betocht: ze boartet optochtsje! Mar mem seit dat ien mûske allinne gjin optocht wêze kin… En dêrom is Wobbeltsje lilk. Mei de triennen yn ‘e eagen giet se dan mar een rûntsje om. Se hat it sa drok mei protteljen, dat se…
Jan en Jeltsje
tekst: Auck Peanstra (auckpeanstra.nl) yllustraasjes: Inge Adema Jan treft it. Krekt op ‘e dei dat er him ferfeelt omt der net ien is dêr’t er mei boartsje kin, rydt der in ferhúswein de strjitte yn. Ut dy ferhúswein komme twa grutte, sterke ferhúsmannen, in hiel soad doazen en… Jeltsje. Fan no oan hat Jan altyd ien…
Piter, Pom en pake Pleister
tekst en yllustraasjes: Matty de Vries (www.mattydevries.nl) Piter en mem geane tegearre in pear dagen nei Skylge. Piter syn allerleafste knuffel Pom mei fansels ek mei. Papa giet net mei, want dy moat nei kantoar. Piter fynt it geweldich. Underweis op ‘e grutte boat sjocht er syn eagen út. En yn it húske is it ek hiel…
It grutte foarlêsboek
ferhalen, ferskes en gedichtsjes foar bern fan 2 jier ôf ferskate skriuwers en yllustratoaren Ik wie op syk nei in boek mei net te drege Fryske berneferhalen om thús foar te lêzen oan ús Hollânske bern. No ja, googelje mar ris op “foarlêsboek”… Dan kinst net hinne om “It grutte foarlêsboek” fansels! Yn maart 2013…
Knipperke
tekst: Lida Dystra (lidadijkstra.nl) yllustraasjes: Natascha Stenvert (nataschastenvert.nl) It is winter as Epke berne wurdt. En foar dassen betsjut winter: sliepe oant de maitiid komt. En dus sizze heit Daks en mem Durkje dat Epke noch mar even in knipperke dwaan moat. No, dat is wol it lêste wêr ‘t Epke sin oan hat. Hy wol…