tekst en yllustraasjes fan Mirjam van Houten Jelle is in gewoan jonkje, dat alle dagen gewoan nei skoalle ta giet. Dêr boartet er mei de bern, hy lústeret nei juf yn ’e rûnte en docht syn bêst op alle wurkjes. Dochs is ‘gewoan’ foar Jelle eefkes wat oars as ‘gewoan’ foar my. Jelle bellet bygelyks…
Categorie: 4+
Omke Ule past op
tekst en yllustraasjes Paul van Dijk (depenvanpaul.nl) Omke Ule hâldt net fan drokte. Hy sit it leafst lekker yn ’e stoel mei in boek. Neat mis mei, dochs? No ja… eins sit it in bytsje oars. Omke Ule hâldt sa fan rêst, om’t er bang is foar wat der allegear fout gean kin. En dat…
Prinses Pompebledsje
tekst en yllustraasjes: Barbara de Ruiter (barbaraderuiter.com) As tank foar harren help krije de kening en keninginne fan fee Foekje in moai peareltsje. Der sit in ferrassing yn, seit fee Foakje. Mar, och heden, in fûgel stelt it peareltsje fan de finsterbank! Op in dei komt der in famke út in wetterleelje. De hiele dei…
De Bonsterkes op ’e terp
tekst: Hanneke de Jong (hannekedejong.frl) yllustraasjes: Linda de Haan (www.lindadehaan.com) Joeri en Nine ferhúzje. Fan de stêd nei it doarp. Sy kenne it doarp al in bytsje, want pake en beppe wenje dêr ek. En no komme heit en mem en Joeri en Nine Bonsma neist pake en beppe Bonsma te wenjen. Allegear Bonsterkes, dat…
Stikel en it koartste paad nei Lange Prins
Tekst en yllustraasjes: Janneke de Boer (sokiets.blogspot.nl) Stikel hâldt fan aventoer. Mar hy treft it net, hy wennet yn in hiel saai bosk. Op in dei feroaret alles. De postdo bringt him in útnûging foar it feest fan Lange Prins! Aventoerlik as er is, giet Stikel fuort op ’en paad. Mar: wêr is it kastiel…
Pykje Fjouwer
tekst: Lida Dykstra (lidadijkstra.nl) yllustraasjes: Ina Halleman Yn it nêst fan mem Skries leit noch ien aai. Mar Mem wurdt senuwachtich. It duorret har te lang. Se nimt de pykjes dy’t der al binne mei en giet fuort. Net folle letter slagget it pykje Fjouwer om de dop stikken te krijen. Hy begjint om te skarreljen yn it gers….
Wapper
tekst en yllustraasjes: Yke Reeder (www.ieks.nl) Op in dei fynt heit it it tiid foar Wapper, Wobke, Wabe en Wiepie om fleanles te krijen. De pykjes wurde ommers al grut! Wabe, Wiepie en Wobke witte net hoe gau’t se begjinne sille. Mar Wapper fynt it mar eng. Hy doart eins net, mar ûnder lûde oanmoediging springt er dochs. En…
Skelte wol in skelter
tekst: Joke Scheffer yllustraasjes: Anna Sikkes (anna-sikkes.nl) Dy earme Skelte: hy wol sa graach in skelter ha, mar it mei net! Heit syn hok is al fol, mem is benaud foar de auto fan buorman, buorfrou is bang foar har blommen. Wat moat Skelte no? Hy ferfeelt him sa, der is hielendal neat te dwaan! Dan…
Tsien lytse hekskes
tekst: Lida Dykstra (lidadijkstra.nl) yllustraasjes: Jung Hee Spetter Der wiene ris tsien ûndogense lytse hekskes. Se binne gek op aventoer. Mei har tsienen binne se net te hâlden en fine se de nuverste fratsen út. Al hat mem harren ek hûndert kear warskôge foar frjemde toverdrankjes, draakjes, bistefangers en oare bysûndere ynwenners fan mearkeslân, de hekskes dogge dochs…
Siem en Sanne sjogge Sint Piter
tekst: Hendrika Vis – de Ruiter yllustraasjes: Bernard Roorda www.siemensanne.nl Siem en Sanne wenje nêst inoar. Sanne wennet dêr noch net sa lang, mar se binne al bêste freonen. En as der op in moaie dei yn febrewaris in dik pak snie leit, dan is it net sa lestich te betinken wat se ris dwaan sille:…