tekst en yllustraasjes: Janneke de Boer (sokiets.blogspot.com) Oe, sa’n titel; dit wurdt spannend. En de foarkant seit it al: dit is net in printeboek foar de lytskes. It is hast in bytsje eng, want: wat stiet der eins op dy foarkant? No dêr komst achter ast it boek iependochst. Al op de earste side wurde…
Categorie: 6+

Sirkus PeM en de ûlewapper
tekst: Mindert Wijnstra (mindertwijnstra.nl) yllustraasjes: Babs Wijnstra (babswijnstra.nl) Kenne jim Pier en Marieke al? Ik tink it wol. It binne nammentlik telefyzje-bekendheden. Harren aventoeren binne by Omrop Fryslân te sjen yn it berneprogramma ‘Fratsen’. En no ha Pier en Marieke in eigen boek mei hearlike aventoeren. Se belibje dingen dy’t alle bern belibje: se ferkeapje…

Bart & Bouke
tekst: Dolf Verroen (dolfverroen.nl) en Mindert Wijnstra (mindertwijnstra.nl) yllustraasjes: Babs Wijnstra (babswijnstra.nl) Bart en Bouke sitte allebeide yn groep 5. Bouke yn in Frysk doarpke ûnder de reek fan Snits en Bart yn in grutte Hollânske sted. Bart syn âlders ha besletten om te ferhúzjen nei Fryslân, nei it hûs neist dat fan Bouke en…

Sweltsjerige – foar groep 3 en 4
teksten: Lida Dykstra (lidadijkstra.nl), Hanneke de Jong (hannekedejong.frl), Jurjen van der Meer, Jan Schotanus (dattekstbureau.nl), Mindert Wijnstra (mindertwijnstra.nl), Anny de Jong yllustraasjes: Maaike van den Akker (maaikevandenakker.nl), Linda de Haan (lindadehaan.com), Babs Wijnstra (babswijnstra.nl), Yke Reeder (ieks.nl) Hoera! Der binne nije Fryske lêsboekjes foar begjinnende lêzers! En net ien of twa, mar seis! Fan it…

Speurnoazen yn Park Fiversburch
tekst: Astrid Kuiper yllustraasjes: Monique Beijer (moniquebeijer.nl) Kick en Saar lizze op bêd en hearre in aaklik lûd. Se witte net wat it is, mar kinne der hast net fan sliepe. Se betinke in heldhaftich plan: se sille op ûndersyk út. Sjochst se al rinnen? Kiker om de nekke, bûslampe yn de hân: twa echte speurnoazen! Hiel…

Tije
tekst en yllustraasjes: Mirjam van Houten (mirjamvanhouten.wordpress.com) Tije sil ferhúzje. Fan de romte nei de stêd. Elkenien docht krekt as is dat geweldich. Tije leaut der neat fan. Hy wol net in gruttere keamer of op judo. Hy wol folle leaver in grut hiem en in goare dreksleat! It libben fan Tije stiet op ‘e…

Bor en de boef!
tekst: Jan Schotanus (dattekstbureau.nl) yllustraasjes: Natascha Stenvert (nataschastenvert.nl) út ‘e rige lêsboekjes by Studio F Jaap hat in bysûndere kat. Dat is Bor. Bor is gek op knopkes. En hy wit ek noch wêr ‘t se foar binne. Bor kin kofje en tee sette, de garaazjedoar iepen en ticht dwaan en hy docht it ljocht…
De babybeam
De aventoeren fan Daam en Ferhipke tekst: Irene Bal (www.irenebal.nl) yllustraasjes: Gwenda Sonneveld “In babybeam, in beam dêr ‘t babys út komme!” Daam en Ferhipke moatte der om laitsje as se der foar it earst fan heare. Se witte dan fansels noch net wat har te wachtsjen stiet. As se ûnderweis nei de camping even stopje…
Lytse man
skriuwer: Eppie Dam (oer Eppie Dam) yllustraasjes: Karin Poiesz (www.karinpoiesz.nl) Witte jim wol wat in krommedaris is? Of wat spatskuon binne? Kinne jim Knoffel en Rommel al? Dan ha jim fêst dizze ferhalen fan Eppie Dam wol ris heard of lêzen. Dat kin hiel goed, want de ferhalen yn ‘e bondel “Lytse man” binne al…
De ferdwûne fibula
schrijfster: Irene Bal (www.irenebal.nl) illustraties: Fréderike Breugem Daam en Ferhipke gaan op vakantie. Een avontuurlijke vakantie, in een oud leegstaand huis in een dorp waar vroeger een koning heeft gewoond. Daam en Ferhipke hebben er helemaal zin in en in hun fantasie verandert het huis al gauw in een slot met spoken op zolder en monsters…