skriuwster: Auck Peanstra (www.auckpeanstra.nl)
yllustraasjes: Karin Poiesz (www.karinpoiesz.nl)
foar bern fan 8 jier ôf
Sanne is mâl mei har beppe. It is dan ek in hiele leave beppe. Sa’n beppe wêrst altyd even hinne kinst as der net ien thús is en wêrst lekker dik hagelslach op’e bôle ha meist. Mar… der is wat mei beppe, se docht sa nuver. Dan kin se ynienen net mear betinke hoe’t it ljocht op’e oerloop út moat of se praat ynienen oer pake, dy’t de kapstok mar even meitsje moat, krekt as is dy net al in skoft lyn stoarn. Sanne wit it net: hâldt beppe har foar de gek? Mar it wurdt hieltyd slimmer mei beppe. Lytse misslagen wurde grutte en op’t lêst moat der sels in ambulânse oan te pas komme. It is better dat beppe ferhúzet nei in fersoargingshûs. En dat is net sa maklik foar beppe.
In dreech ûnderwerp foar in berneboek en geregeld begrutte it my ta de teannen út: om beppe, mar ek om Sanne. Hoe kin sy it no sa goed mooglik dwaan foar har beppe? Se is sa wiis mei beppe, mar kin ek lilk op har wêze en har skamje foar beppe. Gelokkich bringt freondinne Femke wat lucht. Sy stiet der wat fierder ôf en kin noch laitsje om beppe har nuvere meneuvels. En dus mei ik ek glimkje om de sjippe yn’e koekjes, de sokken ûnder de dûs en it hiele repertoire berneferskes dat ûnder iten op fol folume oer de tafel galmet. Al is it mar stikem.
Hjir en dêr binne der wat sinnen en wurden yn it boek wêrfan’t ik net wit oft de bern fan no dy noch wol kinne. Mar it ferhaal lêst fierder hiel flot en de bern binne nergens yn it boek “fan froeger”, hoewol it boek al yn 1997 foar it earst útkommen is. En it tema, ja, dat bliuwt spitigernôch foar in hiel soad minsken – bern en folwoeksenen – aktueel. Ik hoopje mar dat ik letter, as ik miskien ek net mear krekt wit hoe’t alles ek alwer sit, ek sa’n leave beppesizzer ha as Sanne.