tekst en yllustraasjes: Dorine van den Beukel (dorinevandenbeukel.nl)
In Frysk alfabetboek, wat in goed idee! Want de skriuwster hat gelyk: it Fryske alfabet is it Nederlânske net. It hat ommers oare klanken. En de bisten hjitte oars, dus in hynder stiet yn in Nederlânsk alfabetboekje by de p. It “live” oersetten fan in Nederlânsk alfabetboek wurket dus net lekker en ik tink dat alle Fryske foarlêzers dêr wol ris mei te krijen hân ha.
By alle letters hat Dorine van den Beukel net allinnich in bist betocht, mar dat bist hat ek noch ris in namme mei deselde letter. En yn it rymke by it bist stiet ek noch in moaie typysk Fryske útrop en, as it slagget, noch mear wurden mei deselde letter. Ik moat earlik sizze dat it my, doe’t ik it foar it earst lies, wat tefolle fan it goeie wie. Yn guon rymkes stiene my wat tefolle wurden dy’t ik net sa faak brûk. En om it dan ek noch moai yn it ritme foar te lêzen, dat foel my net ta. Mar de mear ik it lies, de makliker it gong. En nei in pear kear oefenjen, rûnen de rymkes better en seach ik hieltyd mear de humor fan’e rymkes. Ynklusyf wurden as ‘hommels’, ‘dimmener’ ‘tsjappe’, ‘wizânsje’ en sa noch wat mear. Sa leare je noch ris wat!
De printen yn it boek binne prachtich. Ienfâldige, dúdlike tekeningen op kleurige siden. Net tefolle drokte derby: alle romte foar it bist en de letter. P is fan PIBA is in fleurich printeboek wêr’t bern en foarlezers in soad wille fan ha kinne.