skriuwster: Anny de Jong
yllustraasjes: Monique Beijer (www.moniquebeijer.nl)
Kasper en Lidewij krije nije buorlju. Kasper sit der wat oer yn. Wa wit wat foar nuvere buorman of buorfrou se no krije. Lokkich is de nije buorfrou net in seurderige âlde taart, mar in aardige sportferslachjouwer, dy’t Marianne van Klaveren hjit. En se sit dan wol yn in rolstoel, mar mei wat oanpassings, wat hulp fan de minsken om har hinne en har eigen helphûn Ster rêdt se har poerbêst. En silich wol se beslist net fûn wurde.
Op in dei ferskynt der yn’e krante in artikel fol ûnwierheden oer in turnwedstryd. Marianne har namme stiet der ûnder. Mar dit artikel hat sy hielendal net skreaun! Har baas is der net fan oertsjûge en foar alle wissichheid moat se fan dan ôf earst alles oan him lêze litte. As se op in jûn nei kantoar rydt om in artikel te bringen, wurdt se oanfallen. Har auto wurdt meinommen en Marianne en har hûn Ster bliuwe slim ferwûne achter op it parkearplak. De plysje begjint in wiidweidich ûndersyk nei de oanfal en nei it nuvere artikel. Mar it giet Kasper en Lidewij allegear lang net hurd genôch. Mei har freon DJ, dy’t in soad fan kompjûters ôf wit, dogge sy har eigen ûndersyk. Wat hawwe dy twa dingen mei elkoar te krijen en wa sit der achter? Hat ien it op Marianne fersjoen of is der wat oars oan’e hân?
It boek “Help… in hûn” is al yn 2005 útkaam. En it kin fansels net oars, of dat fernimst wol ris yn it boek. As it oer it mobyltsje fan Kasper giet, bygelyks. Mar it soe jammer wêze om it boek dêrom al nei de earste bledside oan’e kant te lizzen. Want it is in leuk, spannend boek. It lêst maklik, sitst samar yn it ferhaal. Koest as lêzer samar meidwaan yn it ferhaal. Wa pleaget net syn broer of sus? Wa is net nijsgjirrich nei in nije buorfrou, dy’t ek noch yn in rolstoel sit?
Sa’t it heart by in detective, bist as lêzer hieltyd oan it betinken wa’t hjir no achter sit. De noartske baas? De jaloerske kollega? Konkurrinten fan in oare krante? De man fan’e swarte fyts? Foar de detective yn my wie it suver wat jammer dat der oan’e ein fan it boek mar sa’n bytsje ferteld wurdt oer de dieders en it wêrom fan har dieden. Mar ach, dat binne plysjesaken en it ferhaal is gjin ferhaal oer it wurk fan’e plysje, mar oer Kasper en Lidewij, Marianne van Klaveren en har hûn Ster. Oer hoe’t freonen – minsken en bisten – elkoar helpe kinne. En oer dat it dan net mear útmakket oft je in handikap hawwe of net. As eltsenien dêr no ris krekt sa fan oertsjûge wie as Kasper en Lidewij…