tekst: Lida Dystra (lidadijkstra.nl)
yllustraasjes: Natascha Stenvert (nataschastenvert.nl)
It is winter as Epke berne wurdt. En foar dassen betsjut winter: sliepe oant de maitiid komt. En dus sizze heit Daks en mem Durkje dat Epke noch mar even in knipperke dwaan moat. No, dat is wol it lêste wêr ‘t Epke sin oan hat. Hy wol springe en drave, hy wol nei bûten! In knipperke is sa saai! En dus betinkt er allegear ferlechjes: hy hat hûnger, hy moat pisje. Heit en mem binne der mar drok mei. Om Epke lang om let sa wurch te krijen dat er him dochs del jout, fine se fan alles mei de lytse droktemakker út. En dan is it safier. De maitiid begjint. Mar as mem nei Epke ropt dat er nei bûten mei, bliuwt it stil…
In hearlik printeboek, wêr ‘t alle âlders en bern wol om laitsje moatte. Want sa giet it by eltsenien thús ommers ek! “Jou dy no noch even del…” “Mar ik bin hielendal net wurch!” En dan yn alle bochten om mar net sliepe te hoegen. De favorite bledside by ús thús is de bledside wêr ‘t de tekst fertelt dat Epke ôfgryslik syn bêst docht om leaf te wêzen, mar de yllustraasje yntusken sjenlit, dat dat net hielendal slagget! De tekst en de yllustraasjes folje inoar geweldich oan yn it boek. De ien kin net sûnder de oar. Leuk fyn ik ek, dat de tekst (de letters, de opmaak) ek meidocht it ferhaal. Net allinne mar ien lettergrutte, mar grut en lyts, fet en kursyf wêr ‘t dat yn it ferhaal past.
Dy ûndogense Epke, syn suchtende heit en mem, de prachtige yllustraasjes en de humoristyske twist oan ‘e ein meitsje “Knipperke” ta in boek dat hieltyd wer út ‘e kast komt.
“Knipperke” wie aksjeboek yn ‘e Fryske Berneboeketiid fan 2012 en is ek yn it Nederlânsk te krijen as “Dutje”.
Dizze blog is ek te lêzen op HeitenMem.nl