tekst: Baukje Wytsma (oer Baukje Wytsma)
yllustraasjes: Wolf Erlbruch (oer Wolf Erlbruch)
Op ‘e foarkant fan “Ik ek fan dy” steane twa hazzen dy’t inoar foarsichtich in tútsje jouwe. Wat is it? In printeboekje oer twa fereale haskes, is myn earste idee. Mar ik ha it mis. “Ik ek fan dy” is in bondel mei allerleafste leafdesgedichten.
By de measte bondels binne de gedichten der earst en komme dernei de yllustraasjes. Yn dit boekje is it krekt oarsom. Yllustrator Wolf Erlbruch hie de tekeningen al makke foar in Dútske bondel en by de tekeningen hat Baukje Wytsma nije gedichten skreaun.
De yllustraasjes binne prachtich. Al binne de bisten op ‘e tekeningen noch sa ferskillend, se binne gek op inoar. In iisbear en in seehûn, in iikhoarn en in ûle, in eland en in kikkert, in mûs en in slak. Ja, sels in kat en in hûn en in foks en in goes. Mar de favoryt by ús thús is it plaatsje fan de hûn dy’t syn kop yn ‘e fiskekom stekt om de goudfisk in tútsje te jaan.
De gedichtsjes binne ek prachtich. Alle soarten fan leafde komme foarby. Fan hiele prille earste leafde oant wyld fladderjende flinters yn ‘e búk. Fan stikeme geheime leafde oant it echte hâlden fan inoar. Mar ek de leafde dy ‘t foarby giet en de leafde dy ‘t der net mear is, komt oan bod.
Soms heart it gedicht echt by de yllustraasje. It gedicht fertelt fan ‘e bisten op ‘e tekening en fan har bysûndere leafde. En soms fertelt it gedicht fan in leafde en past de yllustraasje der fansels by, mar hie it ek in oar plaatsje wêze kinnen. It is meinammen om dizze gedichten, dy ‘t wat djipper gean, dat it my dochs in boek foar wat âldere bern ta liket. Mar der steane ek prachtige gedichten yn, dy ‘t bern fan in jier of 10 ôf prima begripe kinne.
“Ik ek fan dy” is in boekje mei grappige, leave, fleurige en tragyske gedichten, dy’t net allegear hiel maklik binne, mar seker de muoite wurdich om opnij en opnij te lêzen en te besjen.