tekst en yllustraasjes: Matty de Vries (www.mattydevries.nl)
Piter en mem geane tegearre in pear dagen nei Skylge. Piter syn allerleafste knuffel Pom mei fansels ek mei. Papa giet net mei, want dy moat nei kantoar. Piter fynt it geweldich. Underweis op ‘e grutte boat sjocht er syn eagen út. En yn it húske is it ek hiel bysûnder. Piter mei op it hege bêd sliepe en mem sliept ûnder him. Mem, Piter en Pom fytse it hiele eilân oer en hieltyd is der fanalles te besjen en te belibjen. Se fytse nei it strân en de see, se komme lâns in fjoertoer en by leuke boartestúntsjes. Piter hat in prachtige fantasy en belibbet de moaiste aventoeren. Sa fytst er op syn Diegofyts samar oer de wolken, botst er mei it skommeljen hast tsjin in fleantúch oan en rêdt er in hûntsje út in hûs dat yn brân stiet. As Pom op in kear kwyt is, is dat wol even spannend, mar gelokkich hat in jonkje Pom fûn en hoecht Piter net sa lang sûnder syn leafste freontsje.
Piter wennet mei syn mem en papa. Wat is dat leuk werkenber! En Piter praat dus ek Frysk en Nederlânsk troch inoar. By de earste kear lêzen is dat soms wol even goed opletten. By in sin as “We zinken niet, hear, ik kin sa goed stjoere”, merk ik dat ik net sa flot skeakelje tusken de talen as Piter. Mar ik fyn it wol hiel leuk om sa te lêzen, want sa giet it ommers! Moai is ek dat Piter echt in jonkje fan trije is. Yn ‘e fantasy hat er de grutste ferhalen en tsjin mem praat er soms noch yn koarte pjuttesintsjes: “Mem, kijk. Zandbak.” “Mem helpe”, “Knyn, mem”. En as er yn ‘e boartestún in kear wachtsje moat ear ‘t er oan ‘e beurt is om achter it stjoer fan ‘e boat te sitten, dan fynt Piter dat hiel dreech.
En hoe sit it dan mei pake Pleister? Want de titel fan it boek is dochs “Piter, Pom en pake Pleister”? Tsja, dat wit ik eins ek net. Mem bellet yn it boek in kear mei pake. Pake leit yn it sikehûs, mar hoe as wat, dêr komme we net achter. Dat is foar it ferhaal ek hielendal net nedich. Fierder giet it yn it boek oer de fakânsje-aventoeren fan Piter en mem en net oer pake. Hy hie om my dus net yn ‘e titel hoegd, mar och, it klinkt wol lekker mei al dy p’s.
“Piter, Pom en pake Pleister” is in fleurich boek mei kleurige tekeningen en in twatalige pjut mei in grutte fantasy. In tip foar de foarlêzer: foar it foarlêzen even ien kear sels lêze, dan witst presys wêr ‘t it Frysk oergiet yn it Nederlânsk en de werklikheid yn ‘e fantasy en dan kinst mei dit boek hearlik sitte.