tekst: Hanneke de Jong (hanneke-de-jong.nl)
yllustraasjes: Babs Wynstra (babswijnstra.nl)
Sven hat in heit en in mem, fynt skoalle mar sa-sa en is gek op syn pake. Oant safier neat bysûnders. Mar dochs fine de bern yn syn klasse him wat frjemd. Sven is in dreamer en derby hat er ek in nuver ear. Hy kin mei syn bysûndere ear lûden hearre dy ‘t oaren net heare. Lûden fan net al te fier fuort, lykas it praten fan heit en mem yn ‘e tún en pake achteryn it hok, mar ek lûden fan hiel fier ôf. Sven praat dêr net oer, want oare minsken soene him mar útlaitsje. Nimmen begrypt him, útsein syn pake, want dy hat sels ek sa ‘n bysûnder ear.
Mar mei pake is wat oan ‘e hân. Nei ‘t beppe stoarn is, fielt pake him o sa alinnich. En de heit en mem en omke en tante fan Sven meitsje har soargen. Se miene dat pake miskien net mear goed op himsels passe kin. En pake mient dat sy him mar as in lêst sjogge en dat se net wachtsje kinne om pake syn pleats te ferkeapjen.
Sven ûntdekt dat pake in grut plan hat. Achter yn ‘e skuorre hat pake in raket boud! Pake sil op reis en hy wol net ien mei ha. Mar dat lit Sven net gebeure. Hy ferstoppet him mei hûn Bijke yn ‘e raket. As pake de fersteklingen yn ‘e gaten krijt, prottelt er earst wol wat, mar al gau kriget pake yn ‘e gaten dat de hulp fan Sven hiel wolkom is.
Nei in lange reis komme se by in planeet. Sven wit net wat er sjocht: moaie kleuren, prachtige musyk, Andrys de grienteman en … beppe! Pake kin syn gelok net op en soe it leafst by beppe op dy nuvere planeet bliuwe wolle. Mar Sven brekt it swit út: hy wol hjir net bliuwe; by al dy minsken dy ‘t deagien binne. Hy is noch net dea! Gelokkich wit beppe pake der fan te oertsjûgjen dat hy noch net mist wurde kin op ierde. Dus stappe Sven en pake mei Bijke wer yn ‘e wûnderlike raket. En ûnderweis meitsje se moaie plannen foar as se aanst wer werom binne op pake syn pleats.
Yn koarte, ienfâldige sinnen (hiel goed sels te lêzen troch bern) wit de skriuwster de lêzer hiel ticht by de haadpersoanen te bringen. Sven, de dreamerige jonge dy ‘t oars is as de oaren en bang is dat de bern him útlaitsje sille. En pake, dy ‘t allinnich fierder moat, no ‘t beppe der net mear is. En dat sa dreech fynt dat er gjin each mear hat foar de soargen fan oaren. Mar pake bliuwt der net by sitten, hy giet oan ‘e slach. Wa wol no net in pake ha dy ‘t in raket bout achter yn syn hok! Gjin wûnder dat Sven wol mei wol. Fuort fan skoalle en de pleagjende bern en it aventoer temjitte. De moeting mei beppe op dy nuvere planeet jout pake safolle rêst dat er wel hielendal sin krijt oan nije útdagings. Ik soe hast tinke dat wy allegear mar sa ‘n moaie raket yn it hok bouwe moatte…