tekst: Auck Peanstra (auckpeanstra.nl)
yllustraasjes: Inge Adema
Jan treft it. Krekt op ‘e dei dat er him ferfeelt omt der net ien is dêr’t er mei boartsje kin, rydt der in ferhúswein de strjitte yn. Ut dy ferhúswein komme twa grutte, sterke ferhúsmannen, in hiel soad doazen en… Jeltsje. Fan no oan hat Jan altyd ien om mei te boartsjen!
As Jan en Jeltsje net by inoar binne, dan binne se nei inoar ûnderweis. Jeltsje is in pittige dame dy’t net gau benaud is en Jan is in stoere jonge, dy ‘t fansels net minder wêze wol as syn freondintsje. Se betinke en belibje fanalles tegearre. Sa sjogge se hoe ‘t in geit jonge geitsjes krijt, geane se te polstokspringen mei in reagebol en meitsje se lekkere beikes fan klaai foar op mem har krystkrâns. It giet net altyd sa ‘t it betocht wie en se binne it net altyd mei inoar iens, mar dêr sitte Jan en Jeltsje hielendal net mei. Der binne fierstefolle nije dingen te belibjen!
Jan en Jeltsje, se dogge my tinken oan Jip en Janneke. It begjint al yn it earste ferhaaltsje mei in nij buorfamke foar Jan. En dan dy gewoane ûnskuldige, soms ûnbedoeld ûndogenske aventoeren dy ‘t jong en âld werkenne sille, lykas Jip en Janneke dy belibje. Is dat slim? Nee fansels net! It is krekt moai, dat sokke aventoeren ek yn Fryslân en yn it Frysk belibbe wurde. Ik woe dat ik Jan en Jeltsje in pear wiken lyn al kinnen leard hie, doe ‘t ik it, mei de groep 1 dêr ‘t ik in pear dagen wurkje mocht, oer de skuonwinkel hie. Want lykas yn de ferhalen oer Jip en Janneke, komme ek by Jan en Jeltsje de wrâld oan tema ‘s foarby; fan de kapper oant it sirkus en de skuonwinkel, fan siik wêze oant Sint Marten en âld en nij. Dus no ‘t ik Jan en Jeltsje ken, wit ik seker dat se noch wolris delkomme sille yn ‘e klasse. En se binne tige wolkom 🙂