tekst: Lida Dykstra (lidadijkstra.nl)
yllustraasjes: Noëlle Smit (noellesmit.nl)
Mûske Wobbeltsje hat wat moais betocht: ze boartet optochtsje! Mar mem seit dat ien mûske allinne gjin optocht wêze kin… En dêrom is Wobbeltsje lilk. Mei de triennen yn ‘e eagen giet se dan mar een rûntsje om. Se hat it sa drok mei protteljen, dat se net yn ‘e gaten hat dat der in hiel soad bisten binne, dy ‘t Wobbeltsje har optocht prachtich fine. Hieltyd mear bisten komme efter har oan. De optocht wurdt langer en langer en gekker en gekker. Skelterbiggen, doedelguozzen, kangoeroes op in skippybal, kinst it sa gek net betinke. As slagreamme op ‘e taart ek noch in bleue, sneue Kilekaan. En Wobbeltsje hat neat yn ‘e gaten! As se al protteljend wer by mem komt, falt mem hast efteroer fan de bysûndere, lawaaiige optocht dy ‘t foar de doar stiet!
Wobbeltsje hat fansels grut gelyk: it is gemien dat ien mûske net in optocht wêze kin. Mar troch har geprottel, hat se hielendal net yn ‘e gaten wat der achter har bard. Ik as foarlêzer mei myn publyk gelokkich wol en wy sjogge ús de eagen út. Wat in fleurich, bûnt selskip fan bisten. Underweis ferwûnderje wy ús oer de knappe keunsten dy ‘t de bisten úthelje en kontrolearje wy fansels even oft de skriuwster se wol goed teld hat. En we roppe nei Wobbeltsje: “Sjoch no ris achter dy!” It allermoaist is de lêste bledside: in hiele grutte útklapplaat wêrop ‘t wy de hiele optocht nochris goed besjen kinne (steane alle bisten der echt wol op?). Retteketet hoera!
Yn it Nederlânsk hjit dit boek “Willemijn wil een optocht zijn” en it is ek ferskynd yn Dútslân, Sina en Japan.