De aventoeren fan Daam en Ferhipke
tekst: Irene Bal (www.irenebal.nl)
yllustraasjes: Gwenda Sonneveld
“In babybeam, in beam dêr ‘t babys út komme!” Daam en Ferhipke moatte der om laitsje as se der foar it earst fan heare. Se witte dan fansels noch net wat har te wachtsjen stiet.
As se ûnderweis nei de camping even stopje om wat te drinken, stowe Daam en Ferhipke de bosk yn. Se sjogge dêr in hiele grutte holle beam; it liket wol in tsjoendersbeam! Fansels krûpe se yn dy spannende beam. Mar as se der wer útkrûpe, sjogge se heit en mem net mear en witte se it: se sitte wer yn in Aventoer, lykas earder it aventoer mei de fibula (lês hjir oer “De ferdwûne fibula”). De twilling komt yn ‘e kunde mei Olfin en Wivin en har folk. Dy binne o sa oerstjoer omt har Tsjoendersbeam omkapt is. Olfin en Wivin fertelle wat de beam foar har betsjut en hoe wichtich it is om in nije tsjoendersbeam te finen. Daam en Ferhipke wolle dêr fansels graach by helpe. As de goeie beam fûn is, is it feest. En hoewol ‘t Daam en Ferhipke net echt yn de krêften fan ‘e beam leauwe, bart der dochs in wûnder: de oare moarns sit der in poppe yn ‘e beam. It is net maklik om de poppe feilich út ‘e beam te heljen, mar it slagget! Nei dit aventoer wol de twilling graach wer nei hûs, en ek no kin de tsjoendersbeam har helpe. Se klimme tegearre yn ‘e beam en komme al gau wer op it plak dêr ‘t se heit en mem de lêste kear seagen.
Alwer in spannend aventoer fan Daam en Ferhipke. En dy grutte beam yn de Rysterbosk, dy kin ik fansels wol! Dat makket dit boek ekstra bysûnder. Ik hâld derfan. In ferhaal oer in plak dat ik kin, sadat ik my noch better yntinke kin hoe ‘t it dêr eartiids wie. Want ek yn dit twadde ferhaal oer Daam en Ferhipke sit wer in hiel soad dat echt sa west hat. Yn it lêste haadstik, de tajefte, kom ik hielendal oan myn gerak mei myn nijsgjirrigens. En it moaie is: foar de bern dy ‘t dy histoaryske laach net sa ynteressant fine, is it gewoan in hiel spannend boek oer twa hiel gewoane bern dy ‘t in bysûnder aventoer belibje.