tekst: Itty Sluis
yllustraasjes: Carla van der Heijde
Jelmer is op fakânsje yn Spanje. Alle dagen is hy by it wetter te finen. Dêr is surfles. Syn fakânsjefreon Keesjan fynt it surfen prachtich, mar Jelmer hoecht sels net sa noadich. Hy fynt it wol leuk om mei te farren yn it motorboatsje en te lústerjen nei de ferhalen fan surfleraer Ricco.
Der barre in pear nuvere dingen op ‘e kamping. Yn ‘e krante steane ferhalen oer in meunster dy ‘t yn ‘e Ingelgrot libje soe en yn it doarp giet in kroech yn flammen op. Hat it mei inoar te krijen? As surfleraer Ricco fan ‘e iene op ‘e oare dei ferdwynt en de auto fan Keesjan syn heit dan ek noch útbrânt, geane Jelmer en Keesjan op ûndersyk út. Se bedarje yn nauwe grotten en ûntdekke dat de kampinghâlders yn ‘e buert wol hiel faak op har kamping te finen binne. As Jelmer yn in grot it fluitsje fan Ricco fynt, wit er it seker: it doocht net.
Nei in potsje skaak yn it doarp wurdt Jelmer ynienen fêstgrypt en yn in auto treaun. Hy komt der op wrede wize achter dat it allegear noch wer oars yn inoar sit as er tocht. Hy sjocht Ricco wer en tegearre moatte se alles op alles sette om it der libben fanôf te bringen.
“Jelmer en it grottemystearje” is echt in spannend aventoer! Lykas Jelmer wit ik as lêzer ek net krekt wat der te rêden is en lit ik my ek op in dwaalspoar sette. Ik wit net oft ik sels moarns betiid allinnich yn in grot krûpe soe, dêr ‘t se fan sizze dat der in meunster yn libbet (no ja, eins wit ik dat wol…, sa ‘n held bin ik net), mar gelokkich is Jelmer wol sa stoer. Om fan Jelmer syn koelbloedige aksje oan ‘e ein fan it boek mar net te sprekken. Wat hearlik dat der boeken binne dy ‘t my sokke aventoeren dochs belibje litte!
Om ‘t it boek fan 2005 is, binne der fansels dingen dy ‘t tsjintwurdich oars binne. Sa is DxBall spylje fan in cd-rom foar my al nostalgy en foar myn publyk eins gewoan al skiednis. En dêr moast wol trochhinne sjen. Mar och, it is in spannend ferhaal en dus ferjou ik Jelmer mar dat er mei sa’n âlderwetske Nokia omrint.