tekst: Lida Dykstra (lidadijkstra.nl)
yllustraasjes: Hubertus de Jong
Cornix de skierroek is ûnderweis nei de timpel fan de god Apollo om him om in geunst te freegjen. Mar de reis hat al lang west en se kin hast net mear. Se komt telâne op ‘e skouder fan in hardersjonge dy ‘t itselde doel hat. Cornix fertelt him dat se net altyd in skierroek wie, mar ea de moaie prinses fan Phocis. Dat makket de jonge nijsgjirrich en Cornix fertelt har ferhaal oan him. Oer hoe ‘t de goadin Minerva lilk op har wie en har yn in skierroek feroare. En Cornix kin noch folle mear ferhalen. Allegear geane se oer hoe ‘t de goaden en de minsken mei inoar libje. En wat blykt? Goaden binne al krekt lyk as stjerlingen; mei deselde nukken en nuveraardichheden. Se binne like pronksk, like eigenwiis, like jaloersk en like rimpen. Mar rin se net yn ‘t paad, want dan kin it samar wêze datst fierder moatst as spin, iik of skierroek. En dat makket it libben fan stjerlingen hiel spannend!
Eins is “Wolken fan wol” in ferhalebundel, mar de ferhalen binne ynpakt yn it ferhaal fan de skierroek Cornix, dy ‘t yn ‘e rige wachtet oant se by de timpel fan Apollo har sechje dwaan mei. En it binne ek net samar ferhalen; de ferhalen dy ‘t Cornix fertelt, binne klassike Grykske myten. Se komme út de “Metamorfoazen” fan de Romeinske skriuwer Ovidius.
Grykske myten yn in berneboek? Ik wie ek wat skeptysk, earlik is earlik. Mar wêrom soe dat eins net kinne?
It binne ferhalen. Alde ferhalen, dat wol, mar sa ‘t Lida Dykstra se neifertelt, binne it flotte ferhalen fol humor. Bêst te begripen, ek foar bern dy ‘t noch nea fan it wurd ‘myte’ heard ha. En foar al dy folwoeksenen dy ‘t it wurd fansels wol kinne, mar net samar in myte opleppelje kinne, is it hiel fermakelik om der troch dit boek mei yn ‘e kunde te kommen.
De tekst sels, de opmaak, docht ek mei yn it ferhaal. As it giet oer it “ierdeswarte, dofswarte, laaiswarte …” paleis fan Hades, dan is de tekst wyt op in swarte eftergrûn. As de sinnewein ûndersteboppe lâns de stjerren fljocht, stiet de tekst ek ûndersteboppe. As de stim fan Daphne fuortstjert, wurdt de tekst ljochter en ljochter oant it hast net mear te lêzen is. En sa steane der noch allerhande mear ‘opmaakgrapkes’ yn it boek, wat it hiel nijsgjirrich makket om te lêzen.
Ik kin my wol foarstelle dat de omslach fan it boek net sa útnoegjend is foar bern, dus dêr leit dan in taak foar de folwoeksenen. Want ik bin om: neat mis mei Grykske myten yn in berneboek!