tekst: Baukje Wytsma (oer Baukje Wytsma)
yllustraasjes: Carla van der Heijde (carlavanderheijde.nl)
It omslach fan it boek belooft in bûnte optocht fan ferhaaltsjes. En dêr is gjin wurd fan mis. Der rinne hiel wat bysûndere minsken en bisten mei yn ‘e optocht. Sa binne der twa tantes dy ‘t neat op inoar lykje en rúzje meitsje by ‘t soad. Ien rûne tante dy ‘t net fan netsjes hâldt, mar wol fan lekker iten. En ien tinne tante dy ‘t net fan slinen hâldt, mar wol fan sierlik en deftich. Kin net goed komme, soest tinke. Mar krekt as de minsken miene dat se de plysje derby helje moatte, om ‘t it sa need giet by de froulju, komme de tantes earm yn earm it túnpaad del.
En Jeroen. Hy is op ‘e trouwerij fan syn nichtsje yn Rotterdam en is hielendal menear. Mar de seremoanje duorret lang en hy moat sa noadich… Krekt op ‘e tiid is it klear en Jeroen draaft nei de wc. As er werom komt, stiet eltsenien klear foar de foto. Jeroen laket syn tosken bleat. As de foto naam is, en Jeroen ris goed om hin hinne sjocht, blykt dat er de hiele famylje wêr ‘t er krekt mei op ‘e foto kaam is, hielendal net kin!
Kening Liuw docht ek mei yn ‘e optocht. Nei syn Jierdeiskonsert sil Kening Liuw in priis útrikke oan ‘e bêste sjonger. En krekt dat hellet no net it alderbêste út ‘e sjongers nei boppe…
Sa binne der ferhalen oer bysûndere folwoeksenen (útfiners, keningen, opskeppers), hiele gewoane bern (mei in pechdei, in sprekbeurt, in bêste freondin) en nuvere bisten (dy ‘t soms wol hiel bot op minsken lykje). Grappige ferhalen, mar ek leave en serieuze ferhalen. En hjir en dêr ek noch in ferske.
Guon ferhalen hawwe in moai ôfrûne ein en der binne ek ferhalen by, dy ‘t my sels betinke litte hoe ‘t it no fierder giet: komt Margje noch op it toniel? Wêr fytse Julia en Wytske hinne mei har loftfyts? Komt it goed tusken Harry en Yfke?
“De blauwe loftfyts” is echt in bûnte optocht fan ferhalen, en ik rin dêr graach in eintsje mei op!