tekst: Baukje Wytsma (oer Baukje Wytsma)
yllustraasjes: Carla van der Heijde (carlavanderheijde.nl)
Fan dy snústerige, plat-knuffele, net mear hielendal fris-rûkende koesers mei mar ien each en in pleister op har naaigroeden: binne se net geweldich? Foaral yn kombinaasje mei in pjut of beuker dy ‘t de eigen knuffel fol oertsjûging beskermet tsjin frjemde hannen en de waskmasine.
It KoesBoek stiet fol mei dy allerleafste koesers. Se binne der yn soarten en maten: lyts en grut, knuffelich en eigenwiis, ûndogens en ferskuorende leaf. Guon fan har kin ik persoanlik: de knyn, de koesdoek en fansels ús eigen Sjors de Sjiraffe. En dan is it sa leuk om de gedichtsjes foar te lêzen, want ek de bern ha der drekt in idee by.
De achtrigelige gedichtsjes lêze maklik wei. Guon binne yn it Nederlânsk en oaren yn it Frysk. Lekker nêst elkoar, net it ien minder as it oar, it kin allegear: krekt sa’t it eins wêze moast.
It boek is al in skoftke útferkocht, mar fansels yn ‘e byb noch wol te finen. En ik ha my fertelle litten dat it op ‘e nij útbrocht wurde sil, dus dat is goed nijs!