Yn it ramt fan “Blogger van de Maand” fan Bibliotheken Mar en Fean mocht ik woansdei 16 septimber mei Jan Schotanus nei de byb fan it Hearrenfean. Mei in doaze fol guod kaam ik de byb yn en ek Jan Schotanus hie tassen fol skatten meinaam om sjen te litten hoe leuk oft Fryske berneboeken wol binne. Wylst wy inoar in hân joegen, stie der in jonkje by de “Tante Tjits-tafel”. Syn mem seach it en sei: “Dat is Frysk jong, dat kinsto noch net lêze.”. Wy seagen inoar oan en tochten itselde: “Wat jammer!” en “Wêrom net?”
Jan Schotanus klom op ‘e stoel en fertelde oer hoe ‘t hy oan ‘e ideeën komt foar syn ferhalen en hoe ‘t er dy dan opskriuwt. Wy mochten yn syn ideeënboek sjen en seagen dat al in hiel soad fan syn ideeën in moaie reade krul krigen ha. Dat betsjut dat it echt in ferhaal of boek wurden is. Hy hie ek in hiele steapel boeken meinommen om sjen te litten en fansels: om út foar te lêzen! We hongen mei inoar oan syn lippen. En hoe prachtich om dan te sjen dat bern èn âlders nei it foarlêzen op ‘e nij nei de “Tante Tjits-tafel” rûnen om it boek op te sykjen en mei te nimmen! En yn ‘e fernuvering fan de âlders werkende ik myn eigen ûntdekking fan in skoftke lyn: wat binne der leuke Fryske berneboeken! Jan Schotanus: tige bedankt!
Woansdei 23 septimber en sneon 26 septimber is it noch feest yn ‘e byb fan Wommels en de byb fan Joure. Komme jim ek?