It lêste besyk oan ‘e byb yn it ramt fan “Blogger van de Maand” wie yn ‘e Jouwer. Wy wisten it eins al: de planning wie wat ûngelokkich. Mei de Jouster Merke, in oare berneaktiviteit middeis yn ‘e byb en ek noch stralend moai waar, soe de sneontemoarn nei alle fewachtings net sa drok wurde mei bern. Wylst wy oan in lekker bakje kofje sieten, krigen wy it oer fanalles. Oer it magyske yn ‘e boeken fan Paul van Dijk. Oer hoe bysûnder it is om dêr sels by tekenje te kinnen (en dat dat dan ek noch net altyd sizze wol dat it dan krekt wurdt sa ‘st it betocht hiest). Oer hoe ‘t in moai idee echt net altyd samar in moai ferhaal wurdt, mar hoe ‘t dan soms ynienen blykt, op ‘e ien of oare wûnderlike wize, dat in oplossing hieltyd al yn it ferhaal siet. Oer monsters en meusters en beppes
dy ‘t sa prachtich Frysk prate kinne. Oer hoe jammer it is, dat der om it Frysk en de Fryske berneboeken dochs noch altyd wol in foaroardiel hinget, wylst der safolle leuks is!
Wat skande dat de planning sa min wie. Dat Hindrik Bûter yn ‘e koffer sitten bleau. Mar wat ha ik in leuke en ynspirearjende moarn hân. Paul van Dijk bedankt! En we moatte it mar ris oer dwaan op in better plande tiid, want ik wit seker dat in hiel soad bern hjir ek bliid fan wurde sille.