tekst: Berber van der Geest (oer Berber van der Geest)
yllustraasjes: Babs Wijnstra (www.babswijnstra.nl)
Rolf hat honger. Hy trommelet op ’e tafel mei syn leppel en foarke. “Honger! Honger!” Mem giet gau mei it iten oan ’e gong. En dan wol Rolf witte: “Mem, wat ite wy hjoed?” Mar dat wol mem net samar fertelle. Kear op kear sjongt mem in rymke, mar lit it lêste wurd fuort. Watfoar bist soe se no wer bedoele? Krekt as wy, hat Rolf ek hieltyd wol yn ’e gaten wat mem bedoelt. Mar hy is it der net mei iens! En dan betinkt mem wer wat oars. En wer wat oars. En wer wat oars. Krekt salang oant Rolf tefreden is en it iten klear. Mar: hat mem no wier stront mei streepkes makke??
De fraach “Mem, wat ite wy hjoed?” hawwe alle memmen wolris heard en alle bern wolris steld. En de mem fan Rolf wit ek dat wachtsjen op it iten altyd fierstelang duorret. Dat kin hiel ûngesellich wurde! Gelokkich hat mem der in oplossing foar. Se makket der in spultsje fan en wy meie meidwaan. Op alle siden fan it fleurige printeboek kinne wy meiriede. Soms hiene wy de hint ûnderoan de bledside nedich, mar meastal koene wy sels al betinke wat der op de folgjende bledside stie. Sukses fersekere! Allinnich, ien warskôging: as dit boek ien kear foarlêzen is, kin mem nea mear iten siede sûnder riedsels..!