Tekst: Roald Dahl (roalddahl-boeken.nl)
Oersetting: Martsje de Jong
Yllustraasjes: Hilda Groenesteyn (studiohille.nl)
Spannend, dat is it. In boek dat ik goed kin en dat ik geregeld foarlêzen ha oan de klassen dêr’t ik foar stien ha. Welke juf net? En dan no yn it Frysk? As it mar net ôffalt…
Gau-gau sjoch ik foaryn nei de list mei persoanen dy’t foarkomme yn it boek. Gelokkich: Sofie hjit noch altyd Sofie. En ik mis dan wol de ‘Bloedbottelaar’, mar myn leafde foar alliteraasje komt hielendal oan syn gerak mei de ‘Bonkebrekker’, de ‘Pjutpriuwer’ en de ‘Skrokslokker’. En ‘Famkesstamper’ alliterearret dan wol net, it rôlet seker like lekker oer de tonge as ‘Meisjesstamper’. Hmm, tink ik, miskien kin it dochs wolris leuk wurde.
‘…….’
Dus: spannend? Ja. Mar op syn Frysk: it foel my neat ôf. En op syn GFRs: it wie in machtmerakel. De GFR is in hearlik Frysk boek dat freget om foarlêzen te wurden. Yn alle sinnen wurdst ferrast troch nije wurden dy’t hearlik oer de tonge dûnsje. Dus foar wa’t noch tinkt: moat dat no wol yn it Frysk? Gewoan dwaan!
… it hiele stik lêze? Dit besprek is te finen op de webside fan algemien-kultureel opinyblêd De Moanne: www.demoanne.nl/de-gfr/