tekst: Koos Tiemersma (froonakker.nl)
yllustraasjes: Carla van der Heijde (carlavanderheijde.nl)
Tymo syn mem is in Frou-Sûnder-Man. Der binne Froulju-Sûnder-Man dy’t dat hearlik fine, mar de mem fan Tymo heart dêr net by. Tymo mient dat syn mem wol wat help brûke kin, want de mannen dy’t sy útsiket, dêr kin Tymo net folle mei wurde. Seker mei dizze net, mei syn giele sportauto en syn dikke bierbúk. Tymo wit wol in bettere kandidaat: de heit fan Elmar. Dat is in Man-Sûnder-Frou. En hy is ek noch in stoere keunstner dy’t moaie izeren bylden makket. Hy betinkt in plan om dy twa by-inoar te bringen. Mar: soe syn heit dat wol goed fine?
Tymo is in tinker. In nerd, sizze de bern op skoalle. Sa’n jonge dy’t it moai fynt om nije drege wurden op te skriuwen yn syn skrift. Fan de iene gedachte giet er oer nei de oare gedachte. Al dy gedachten helpe Tymo om de wrâld te begripen. As lêzer wurdst hielendal meinaam yn de gedachten fan Tymo. En echt, dan is it hielendal net raar datst ynienen yn ’e gammele daksgoate stiest om in jonge protter te rêden. Of datst dyn hiele legostêd – dêrtst skoften oer dien hast om te bouwen – yn ien kear hielendal sloopst. En datst dysels dêr twa tellen letter wol om foar de kop slaan kinst. It is sels hiel logysk datst mei in spjelde teste wolst oft der soms lucht yn dy grouwe búk fan de nije freon fan mem sit.
As Bahar mei har mem en broerke neist Tymo-en-dy komme te wenjen, makket Tymo syn holle oeroeren: ‘Binne dy minsken gefaarlik?-Wat soe syn heit derfan fine?-Wat is se leaf!-Wêrom komt se foar him op?-Moat hy moslim wurde as hy mei har trouwe wol?’ Guon dingen dy’t altyd wiene sa’t se wiene, wurde ynienen oars. Tymo ûntdekt himsels, krijt in freon èn in freondinne en Tymo syn mem giet einliks by de keunstwurken fan Elmar syn heit te sjen. It liket wol even ‘ein goed, al goed’ te wurden. Mar sa is it net. En dan sjocht Tymo omheech, nei it plak dêr’t syn heit wennet en nei de reis fan de fûgels. Dêr fynt er altyd help om syn gedachten wer op oarder te krijen.
It boek is skreaun út Tymo wei. Tymo is de ‘ik’ yn it boek. Dat kin hast ek net oars; hoe soest de gedachten fan in jonge fan 9 oars fan sa tichtby beskriuwe kinne? It wie foar my eefkes sykjen op de earste side: wêr bin ik, wa bin ik? Mar it went gau. De opmaak fan de tekst, yn moaie blokjes, helpt dêr echt oan mei. En doe wie ik Tymo. En krige ik in moai ferhaal dêr’t hiel wat yn sit: lûdop laitsje, de adem ynhâlde en stikem even slikke. De foarkant fan it boek is wat donker mei dat brún, swart en griis en mei dy keunstige froulju derop. Ik wit net oft dy foarkant genôch bern, âlders en learkrêften oerhelje sil om it boek te pakken en te lêzen. Mar ik kin jim oanriede: doch it boek gewoan iepen en begjin. Krijst gjin spyt!