tekst en yllustraasjes: Janneke de Boer (sokiets.blogspot.com)
Oe, sa’n titel; dit wurdt spannend. En de foarkant seit it al: dit is net in printeboek foar de lytskes. It is hast in bytsje eng, want: wat stiet der eins op dy foarkant? No dêr komst achter ast it boek iependochst. Al op de earste side wurde de bisten út it boek foarsteld. No ja, binne it bisten? Slakken wurde se neamd, mar dan dochs wol hiel bysûndere slakken. En in fûgel mei twa bekken. En is dat in snoepke mei eagen? Al op de earste side meist dyn ideeën fan wat normaal is al oer board goaie. Ik moast fuort tinke oan in ferske dat ik hearde: ‘Je bent pas gek als je normaal bent’. Sa is it hjir ek. Al dizze nuvere snuters dogge mear of minder mei yn it ferhaal.
It ferhaal spilet him ôf yn en rûn de Boskberch yn it Drintsk-Fryske Wâld. Dat fyn ik altyd leuk. In ferhaal dat in plak hat. Dus as ik dêr dan in kear bin, dat ik dan wit: O, hjir wie dat!
De trije slakken Bearend, Sofy en frou D binne op ûntdekkingstocht ûnder de grûn, yn de Boskberch. Se folgje in swiete rook en fine in spoar fan huningdrippen. Hoe tsjuster en gefaarlik ek, se sette troch en se fine bijeprinsesse Hanna Huningbij midden yn de berch. In hiele bysûndere fynst! Want de slakken mienden dat der yn hiel Fryslân gjin bij mear wenne! En se witte hoe slim dat is: sûnder bijen is it Fryske wâld ferlern! Mar Hanna is mar allinne. Har folk is se kwyt en no is se ek noch ferdwaald yn de ûnderierdske gongen fan de Boskberch. Gelokkich witte de slakken it paad nei bûten. Mei-inoar betinke se in plan om in bijefolk te lokken. Se meitsje in bijefalle en kroanje prinsesse Hanna ta bijekeninginne. No is it wachtsjen op in foarbyfleanende swarm bijen…
Wat is der in soad te sjen yn dit boek! Foto’s fan de bysûndere haadpersoanen yn bysûndere omjouwing. Ast goed sjochst, fynst fanalles op de foto’s. Is dat in dopke fan in fleske op de rêch fan Bearend? Sjoch ik splitpennen, knipers, strykkralen? Neist de foto’s binne der noch oare yllustraasjes: strak en modern, in kontrast mei de fantasyfolle foto’s. En tekst, der binne in soad letters yn soarten en maten te sjen. Grut, lyts, kleurich, alliterearjend. In bytsje tefolle allegear? Hmm.. de platen binne prachtich en de tekst sit fol grappige fynsten (‘sy skolden har eartiids wol út foar ‘fiislak’’) mar it hie om mij miskien wol mei wat minder tekst takinnen. Want ek mei minder tekst kinst dy in skoft fermeitsje mei allinne it sjen yn dit boek.
En net te ferjitten: dit is in boek mei in boadskip fansels. Mei in aktueel tema. Yn it ferhaal rint it allegear moai soepel goed ôf, mar bûten dit ferhaal fol fantasy, is it pas echt spannend. Yn it ferhaal sit al in berch ynformaasje oer it libben en it nut fan bijen en achteryn it boek steane tips foar jong en âld om de bijen te helpen. Dat makket dit boek net allinne leuk om te besjen en te lêzen, mar ek om fierder noch wat mei te dwaan. Ik sjoch it al foar my: bern dy’t mei juffen, masters, heiten en memmen de tún opsiere mei blommen, bijekafees en bijehuzen en dêrtusken dan de eigenmakke slakken en oare nuvere snuters (makke mei duorsume materialen fansels, lykas de haadpersoanen fan dit boek) om de ynsekten selskip te hâlden. Wurk oan de winkel!