tekst: Hanneke de Jong (hannekedejong.frl)
yllustraasjes: Linda de Haan (www.lindadehaan.com)
Joeri en Nine ferhúzje. Fan de stêd nei it doarp. Sy kenne it doarp al in bytsje, want pake en beppe wenje dêr ek. En no komme heit en mem en Joeri en Nine Bonsma neist pake en beppe Bonsma te wenjen. Allegear Bonsterkes, dat is leuk! Mar yn it doarp wènje, is wat oars as in kear by pake en beppe útfanhûs komme. Want ast ergens wennest, dan moast dêr ek it paad leare en nije freonen meitsje.
Wat in leuk boek! It is leuk dat Nine in jongesfamke is dy’t it leafst mei de grutte kraanauto boartet. It is leuk dat Joeri ferdrinke kin yn moaie ferhalen oer draken. En it is leuk dat net alles altyd leuk is: dat Nine it oan de stok krijt mei in famke fan har groep, dat Joeri it hiel spannend fynt om nije freonen te meitsjen en dat beppe lilk wurdt op pake. Want dat is ommers logysk: der binne in hiel soad leuke dingen, mar der binne ek dingen dy’t net sa leuk binne. En alles komt yn dit boek like luchtich oan bod. En dat lêst hearlik! De yllustraasjes fan Linda de Haan wurkje dêr ek echt oan mei.
Ik fyn it moai hoe’t de gewoane dingen fan hjoeddeis ûnopfallend yn it ferhaal sitte: bern dy’t har eigen ynteresses ha meie, pakes en beppes mei in eigen leven, bûtenlânske famyljeroots. It falt net op, want hoecht net op te fallen: it is gewoan sa. Dêr hoege jo dus ek fierder gjin oandacht oan te jaan. Mar ek al is it sa logysk, it falt my dus blykber dochs op. Komt it omdat der (noch) net safolle Fryske berneboeken binne dy’t it sa dogge? Ik moat sizze: ik fyn it moai. It is yn dy lytse dinkjes echt in boek fan no. Dochs binne der yn it boek ek in hiel soad dingen dy’t itselde binne as earder: pakes binne noch altyd ûndogens, grutte broers kinne noch altyd harren lytse suskes narje, âlde buorfroulju kinne noch altyd sunich út ’e hoeke komme en by in jierdei hearre noch altyd in hiel soad pakjes en in hearlik swiete taart. Op guon dingen kinst gelokkich altyd fan op oan.