Tekst: Lida Dykstra (lidadijkstra.nl)
Yllustraasjes: Nina Peckelsen (ninapeckelsen.tumblr.com)
Jari en Bernlef hâlde in weddenskip. De fraach is: wa sjocht it better? Jari is in jonge dy’t yn de stallen fan de pleatslike Jarl, in edelman, wurket. Bernlef is in skald, in dichter, dy’t omreizget en lieten sjongt. O ja, en hy is blyn. Dat soe in makky wêze moatte foar Jari.
Bernlef en Jari moetsje inoar as Jari achternei sitten wurdt troch de soldaten fan de Jarl. Jari wurdt fertocht fan moard. De bline Bernlef helpt Jari en nimt him mei foar in goed miel. De dichter beweart dat hy de dingen better sjocht as Jari en se hâlde in weddenskip. Jari krijt it ynstrumint fan de skald as hy de weddenskip wint. As Bernlef wint, sil Jari syn learling wurde. Om it miel te beteljen, sjongt Bernlef in liet foar de kastlein en syn klanten. Yn it achtersealtsje fan ’e herberch krijt Jari syn earste les. En watfoar les.
De skald sjongt in lang liet oer de goaden. De god Loki hat wat goed te meitsjen mei de god Thor, dêrom giet er nei de wrâld fan de dwergen. Hy lit se de meast bysûndere magyske foarwerpen meitsje. De nammen Gungnir, Gullinbursti en Mjölnir klinke al bysûnder, mar wat de foarwerpen kinne, is noch folle magysker. Bernlef sjongt mar troch oer de aventoeren fan de goaden. It publyk fynt it prachtich. Hy sjongt en fertelt de hiele nacht, oant it wer ljocht wurdt en der noch mar ien sit te lústerjen. En krekt mei dy iene hie Bernlef noch in apeltsje te skilen. En Bernlef sjocht noch mear: hy sjocht hoe’t it echt sit mei de moard dêr’t Jari fan fertocht wurdt. Hy bringt Jari werom by de lilke Jarl om de wierheid foar it ljocht te krijen. Soe de bline skald dan dochs mear sjen as Jari?
Dit boek is earst al in feestje om te besjen. Wat in bysûndere opmaak en magyske yllustraasjes! Alles yn read, swart en goud, sels de tekst docht mei. In wier pronkje foar op ’e planke!
De aventoeren fan de haadpersoanen binne ek al sa bysûnder. Net bepaald aventoeren dy’t bern samar sels belibje sille. Se sille fêst net sa faak in hynder mei 8 poaten sjen of in reus mei sokke grutte hannen, datst yn de tomme fan syn mof sliepe kinst. Ek de nammen en titels yn it boek kinst net hip of populêr neame. Dat komt fansels omdat de ferhalen ynspirearre binne op de Edda: mythologyske lieten en ferhalen út it midsiuwske Noard-Europa. Gelokkich hat Lida Dykstra de hast magyske krêft om de ferhalen dochs werkenber en sels hilarysk te skriuwen. De flotte styl makket dat ik suver om de nammen hinne lês. Ik wol ommers – krekt as it publyk fan Bernlef – witte hoe’t it ôfrint!
Dan twifelje ik eefkes. Watfoar bern kiest dit boek? In swart mei goud en read boek dat ynspirearre is op midsiuwske poëzy? In boek oer Asen, Wanen, reuzen, dwergen en alfen? Mei wurden as ‘Jarl’ en ‘skald’ en ‘Skidblanir’? Mei yllustraasje fan katten mei seis eagen en bonkerakken dy’t heal út de grûn stekke?
En dan wit ik it: bern dy’t fan reuzen en dwergen hâlde, dy’t hâlde fan ferhalen dy’t magysk binne, dy’t hâlde fan ‘oars as oars’. Dat binne net alle bern, nee. Mar se binne der. Se binne der genôch!