tekst: Eppie Dam (eppiedam.nl)
yllustraasjes: Gerrit Terpstra (gerritterpstra.nl)
Op in dei krijt Dingeman in spannende brief. Hy mei fan de ‘Stichting Landelijke Vakantie Voor Stadskinderen’ op fakânsje op in buorkerij mei 11 oare bern en pakes en beppes om harren te fermeitsjen. Dingeman wol graach nei de buorkerij en it komt mem ek wol goed út dat se dan gjin oppas hoecht te sykjen. Dus as de taksy mei sjauffeur foar de doar stiet, set mem gau in hantekening en begjint it aventoer.
In aventoer is it seker, mar net sa’t Dingeman it ferwachtet: der binne gjin oare bern op de buorkerij en ek gjin pakes en beppes. Joazef is der wol. Mei Joazef betinkt Dingeman alderhande handige dingen. As Dingeman lêst hat fan djiptefrees bouwe se de ‘Klimkalefater’. As Dingeman kâld en smoarch wurden is yn de tún, dan fine se de ‘Brobbeltobbe’ út. Om linich te bliuwen heisterje se yn it Heisterhok. En it alderhandichst: sy bouwe tegearre in Wjukkestoel dêr’tst op sitte kinst om ferhalen te fertellen. Dy ferhalen komme samar ast op de stoel sitst en mei de ferhalen snapst alderhande saken krekt wat better. Dingeman hat wol yn ’e gaten dat der wat geheimsinnichs mei Joazef oan de hân is, mar hy fielt him hielendal thús op de buorkerij. Soe hy dêr net bliuwe kinne?
Oan it begjin fan it boek liket Dingeman wat in sneu jonkje: hy wennet yn in saai hûs, syn heit is útnaaid, syn mem hat gjin oandacht foar him en op skoalle is er net te plak. Mar al gau blykt dat hy behoarlik stoer is. Hy giet allinne op fakânsje en beslút sels dat hy op dat frjemde kamp bliuwe wol. Hy is nijsgjirrich nei alles wat de nuvere buorkerij him sjen en fiele lit. Hy hat orizjinele ideeën en mei wat help fan Joazef betinkt er oplossingen foar saken dêr’t er tsjinoan rint. Dingeman is in tûk en gefoelich jonkje en hielendal net sneu!
Wat hearlik, dizze klassiker. It moat dochs geweldich wêze: wa soe net sa op in buorkerij omheisterje wolle? Neat is nuver, alles kin. Achter alle doarren en yn elke hoeke is wat te ûntdekken. Krekt as op de tekeningen fan Gerrit Terpstra. Meitsje wat dyn holle betinkt, prate mei de bisten en in folwoeksene dy’t dy hielendal foar fol oansjocht en dy sels neitinke lit. Ferhalen dy’t dy helpe om de werklikheid te begripen, soene wy dat yn it echt ek net wat mear dwaan moatte?
Ik moat wol sizze dat ik al dy ûntdekkingen soms wol wat in soad fûn. Safolle fantasy, safolle bysûndere hobbys, safolle gedachten, safolle aparte nammen en wiidweidige beskriuwingen. Safolle wurd-keunst.
Miskien hie ik it wat rêstiger oan dwaan moatten mei it boek. Alle dagen in haadstik yn plak fan deryn dûke en lêze tot it út is. Mar ja, ik wie sa benijd nei wat Dingeman achter de folgjende doar ûntdekke soe en nei hoe’t it ôfrinne soe. Al soest dat miskien op dyn klompen oanfiele kinne ast krekt sa tûk en gefoelich wêze soest as Dingeman.