skriuwster: Lida Dykstra (lidadijkstra.nl)
yllustraasjes: Marja Meijer (marjameijer.nl)
foar bern fan 6 jier ôf
In leave pake, dy’t grapkes makket en ferskes sjongt, welk bern hat dêr net ferlet fan? Kiki yn elts gefal al. Want der is ynkoarten pake-en-beppe-dei op skoalle en dan meie alle bern in pake of beppe meinimme. Ien probleemke: Kiki hat gjin pakes en beppes mear fan harsels. Dus sil se ien sykje moatte. Mei in gefulde koek oan in angel moat dat dochs slagje? No, sa maklik giet it allegear net. Net alle pakes dy’t se fynt, binne aardich en guon binne ek al beset. Mar Kiki is net min en mei in bytsje gelok fynt se de alderbêste pake dy’t se har mar winskje kin. Ien wêr’t se altyd by delkomme mei, dy’t har oan it laitsjen makket en dy’t har helpt, sels as Kiki dat eins net wol. En hy wennet ek noch by har yn’e strjitte. Mei dy pake en mei har bêste freon Redmer en har lytse suske Sterre, belibbet en ûntdekt Kiki fanalles. Wisto wol wat skieppepoaten mei bikkels te meitsjen ha? En wat der mei legoblokjes bard ast se yn’e ôfwaskmasjine dochst?
Wat in leuk boek is dit! Kiki fangt net allinnich in pake, mar ek my as lêzer. Se belibbet de dingen dy’t in hiel soad bern belibje en dat is hearlik werkenber. Sinnen as: “O, snot, no bin ik dea. Sa wurd ik noait in giele dinosaurus” as se op har Nintendo oan’e gong is en: “Ik tink dat ik wol trommelkoek mei” as it by pake hiel lekker rûkt nei farske trommelkoek, meitsje dit boek ta in feestje. Ek foar de heiten, memmen, pakes en beppes dy’t it foarlêze.
Dizze blog is ek te lêzen op HeitenMem.nl