tekst: Janny van der Molen (jannyvandermolen.nl)
1890 – Geartsje is der klear mei. It kin dochs net sa wêze dat rike minsken alles bepale en dat gewoane minsken altyd mar hurd wurkje moatte en amper de boadskippen betelje kinne? Sy is net de ienige dy’t dat fynt: hieltyd mear minsken fine dat it tiid is foar feroaring. Har heit is in grut fan fan Ferdinand Domela Nieuwenhuis, dy’t de gewoane minsken opropt om de striid oan te gean. As Geartsje op in meeting ek in frou op it poadium sprekken heart, dan sjocht se it hielendal foar har: dat wol sy ek! As frou kinst ommers like goed stride, dat hoecht echt net allinne foar mannen te wêzen.
2019 – Niels ferhuzet fan Tilburg nei Boazert. Sels soe er dat nea betocht hawwe: ferhúzje nei sa’n keal, saai doarp. Mar syn mem wurdt dêr boargemaster. Dus moatte heit, Niels en Olivia mei. Niels baalt derfan. Alles is oars as yn Tilburg. En fansels draait alles om syn mem, dy’t de earste froulike boargemaster fan de gemeente is. It liket krekt as is mem altyd belangriker as dat wat Niels meimakket en fynt.
‘It deiboek’ is it ferhaal fan Niels yn 2019 en fan Geartsje yn de jierren 90 fan de 19e iuw. Twa ferhalen dy’t lang yn it boek net in soad mei elkoar te krijen hawwe, sa liket it. Ja, dêr is fansels dat mysterieuze skilderij dat Niels syn mem fan in âlde man krigen hat en dêr’t Geartsje har portret op stiet. Mar fierder binne de ferhalen lang los fan inoar. Healwei it boek wurde de ferhalen yn elkoar ferweve, as Niels oan in skoalprojekt wurket oer demokrasy. Hy giet mei skoalfreondinne Nadia op syk nei it ferhaal fan de frou op it skilderij. Sa wurdt it ferhaal fan Geartsje ûnderdiel fan it ferhaal fan Niels.
Mar eins hiene de ferhalen hieltyd al mei elkoar te krijen: Geartsje is op syk nei har plak en nei hoe’t sy in rol spylje kin yn de striid dy’t sy sa belangryk fynt. In striid dy’t net elkenien begrypt. Ek Niels siket syn plakje yn it nije doarp, op syn nije skoalle. En thús: wat wol hy eins? Hoe kin hy dúdlik meitsje dat hy wat oars wol as dat de minsken om him hinne tinke? Foar allebeide is it belangryk dat der freonen binne dy’t neist harren steane by de syktocht. Dat sit yn it boek, mar der wurdt gjin neidruk op lein. It is logysk yn it fehaal.
It ferhaal fan Geartsje is in spannend skiednisferhaal. In betocht ferhaal mei feiten út de tiid fan Ferdinand Domela Nieuwenhuis oer hoe’t it libben fan Geartsje Kleefstra der miskien út sjoen hat. Ik hâld fan sokke ferhalen. It hellet de feiten út de skiednisboekjes tichterby; it jout der in gesicht oan. It lit my mysels ôffreegje: ‘Wat soe ik dien hawwe yn har plak? Soe ik myn nekke útstutsen hawwe?’ It antwurd is nei alle gedachten ‘nee…’. Mar wat wie it belangryk dat minsken dat doe wól dien hawwe!
It ferhaal fan Niels is in ferhaal fan no. Niels siket in eigen plak tusken alle saken dy’t oandacht freegje yn it libben fan bern fan hjoed. Om dy hinne sjen nei wat oaren dogge en fine én kieze watsto echt belangryk fynst. Neat frjemds oan en dus werkenber foar alle lêzers.
En, o ja, it boek is twatalich. Earst tocht ik: wêrom net hielendal yn it Frysk? Is dat wier sa lestich? Is it in konsesje, omdat miskien minder minsken it lêze wolle as it folslein Frysk is? Mar achterôf wit ik net oft dat it wie. It soe ommers ek net echt logysk wêze om it ferhaal fan de Nederlânske Niels yn it Frysk te fertellen. Of de Fryske skiednis fan Geartsje yn it Nederlânsk. En wat it lêzen oangiet: iksels hie it al gau net iens mear yn de gaten. Sels binnen de haadstikken wiene de wikselingen yn taal hiel logysk. Is it net hearlik om sa maklik skeakelje te kinnen tusken talen? Frysktaligen kinne dat! En seker witte dat in hiel soad Nederlânsktaligen dat ek kinne. Leauwst it net? Besykje it mar. Silst sjen datst de taal samar fergetten bist ast ien kear yn dit flot fertelde ferhaal sitst.