tekst: Baukje Wytsma (oer Baukje Wytsma)
yllustraasjes: Carla van der Heijde (carlavanderheijde.nl)
Silke wennet op in pleats yn in lyts doarp. Alle dagen moat se mei de bus nei skoalle. Silke hat it net nei ’t sin op skoalle. Twa famkes moatte har altyd ha. Se fine har te sleau, se fine dat se te stil is of dat se stjonkt. En juf sjocht de oare kant út. Silke fynt skoalle stom.
Flakby de bushalte wennet Jessy Dee mei har hûn Charlie en kat Fluffy. Sy hâldt fan taal, fan ferskes, fan ferhalen. Har hiele hûs is fol mei kranten. De muorren binne der mei behongen, se lizze as flierkleed op ’e flier en as tekken op it bêd. De minsken út it doarp fine it mar nuver. Wa docht soks? Se witte net wat se tsjin har sizze moatte, sa’n nuver krantewyfke dat ek noch in frjemde miks fan Nederlânsk en Ingelsk praat.
As Silke op in hjerstige moarn de bus mist hat, nûget miss Dee har út foar in beker waarme sûkelademolke. It klikt tusken Silke en miss Dee. Miss Dee is bliid mei Silke har selskip en Silke fielt har sa thús yn it krantehúske dat se miss Dee dingen fertelt dy’t se noch noait oan ien fertelt hat. Tegearre soargje se foar de bisten, prate se oer Ingelân en oer sterk stean. Se komme derachter dat se mear kinne as se tinke.
Dit boek sjocht der prachtich út. Ik ferwachtsje hast dat it sêft oanfiele sil. Sachte kleuren, prachtige yllustraasjes, soms paginagrut en soms tusken de tekst troch. Ek de letters fan de haadstikken passe prachtich by de sfear fan it boek.
Yn it boek giet it oer twa minsken dy’t oars binne as oars. Of eins: dy’t sjoen wurde as ‘oars as oars’. Want ast it boek lêst, krijst hieltyd mear yn de gaten dat se eins net sa oars binne as oaren. Silke en miss Dee wolle krekt as elkenien harsels wêze kinne, laitsje kinne, prate oer wat har dwaande hâldt, genietsje fan moaie dingen. Se wolle sjoen wurde. Krekt as wy allegear. In moai tema yn dizze tiid wêryn ’t ús allegear ferteld wurdt dat wy unyk wêze moatte, mar ûndertusken safolle mooglik lykje moatte op wat de noarm is.
Yn it boek wurde trije talen brûkt. Dat is hiel wat. Dochs fielt it net ûnnatuerlik. De taal fan it ferhaal is Frysk, Silke praat Frysk, mar miss Dee praat Nederlânsk en soms Ingelsk. Logysk: se is berne yn Ingelân. Ik bin alletrije talen aardich machtich, en meartaligens skynt it foardiel te hawwen datst maklik skeakelje kinst, dus foar my gie it hiel soepel. Ik hie gjin lêst fan de wikselingen, ik fernaam it hast net iens. Ik bin wol benijd hoe’t it foar bern is dy’t dit boek sels lêze. Oan de skriuwstyl leit it net. It is hiel linich skreaun en lêst flot.
Ik fyn dit in hiel moai boek. It sjocht de moai út en it giet oer ûnderwerpen dêr’t oer praten wurde kin. Silke en miss Dee binne hiel eigen en net oerdreaun as typkes delsetten. Wat sy meimeitsje is lyts en dat makket it hiel werkenber.
Konklúzje: in oanrieder! #iklêsthús