Tekst fan Mindert Wijnstra (oer Mindert Wijnstra op sirkwy.frl)
It sil dy gebeure: dyn heit wurdt oppakt, dyn mem wol ferhúzje út ’e stêd en do moatst ynienen nei in lytse doarpsskoalle. En dan krijst ek noch in oare namme! Joshua hat dêr sels net foar keazen, mar it liket mem in goed idee dat de minsken yn it doarp Joshua kennen leare as Jesse. Jesse Holwerda. Yn plak fan Joshua Timmerman. Joshua wit net wat er derfan tinke moat. Mem en hy wenje tydlik by pake op ’e pleats. Dat is oan ’e iene kant maklik fansels: hy ken it hûs al en it paad yn ’e omjouwing. Mar dy nije skoalle? En dy nije bern? Se fuotbalje net iens yn it doarp, se keatse allinne mar. En dan mocht syn hûn Spetter ek noch net iens mei nei pake. Dy hat mem by it asyl brocht, want pake hat ommers al in hûn. Gelokkich is Lieke der. Dy koe hy al fan eardere fakânsjes. Dus Lieke ken him noch fan doe’t er noch Joshua wie. Sy bliuwt him Jos neamen en foar har hoecht Joshua gjin geheimen te hawwen. Tegearre komme se derachter dat de heit fan Joshua noch wat achterlitten hat. Se wolle harren ûntdekking geheim hâlde, mar wat moatte se dermei? Gelokkich binne se net foar ien gat te fangen en betinke se in moaie oplossing. As de fakansje foar de doar stiet en der ek noch in oplossing komt foar Spetter, dan liket it derop dat Joshua wer hieltyd mear himsels wêze kin.
It ûngemak, de striid dy’t Joshua fielt, spat al fan de earste side ôf fan it papier. Hy wol dit net. Heit yn de finzenis, ferhúzje, syn hûn kwyt, in nije skoalle sûnder freonen en ek noch in oare namme. Bliuwt der dan noch wol wat fan him oer? In moaie fraach om oer te filosofearjen!
De folwoeksenen om Joshua hinne hawwe allegear, stik foar stik, it bêste mei him foar. Heit wol jild om hannen ha om mei Joshua nei Cambuur te kinnen. Mem wol dat Joshua net yn de problemen komt, troch wat syn heit dien hat. Pake wol net tefolle drokte, hy wol dat Joshua in feilich plak hat dêr’t er bekomme kin fan alles. Neat mis mei, mar wa freget Joshua wat?
Geandewei ûntdekt Joshua dat der seker noch wol wat fan him oerbleaun is. Hy ûntdekt dat er sels hiel goed wit wat er wol en wat er net wol. En dat it de muoite wurdich is om dat ek sjen te litten.
‘Jesse’ is in hearlik boek om te lêzen. It lêst flot en Joshua/Jesse belibbet fannalles. Hy hat in bysûnder ferhaal, mar is ek krekt as alle bern. Hy siket freonskip, hy hâldt fan bisten, hy wurdt ferlyfd en is op syk nei syn eigen plak. Dat makket it werkenber en gjin fier-fan-myn-bêd-ferhaal. Soest Jesse samar by dy op skoalle tsjinkomme kinne.