tekst en yllustraasjes fan Mirjam van Houten
Jelle is in gewoan jonkje, dat alle dagen gewoan nei skoalle ta giet. Dêr boartet er mei de bern, hy lústeret nei juf yn ’e rûnte en docht syn bêst op alle wurkjes. Dochs is ‘gewoan’ foar Jelle eefkes wat oars as ‘gewoan’ foar my. Jelle bellet bygelyks samar eefkes mei de man fan It Waar om de sinne te bestellen. Of hy komt ynienen yn ’e gong in kabouter tsjin, dy’t ferlet hat fan in nije jas. En juf? Dy hat it dêr mar drok mei. Bytiden sit se mei de hannen yn it hier, as Jelle in aap is dy’t yn ’e gerdinen hinget of as Jelle syn luie each of syn earen thús lizze litten hat. Mar dat Jelle ek in geweldige leave help is, dat fernimt juf wol as er in nije batterij yn it nije famke set om’t se neat docht of as er buorman meinimt nei skoalle om einliks it fiterdiploma te heljen.
Yn alle ferhaaltsjes bin ik wer benijd wat Jelle dizze kear belibje sil. Hysels sjocht nea nuver op fan wat er allegear bart, it komt gewoan op syn paad en hy docht it dermei. Dat makket de ferhaaltsjes sa hearlik surrealistysk. Wat Jelle docht is sa bûten wat ik betinke kin en sa logysk. Mirjam van Houten lûkt my hielendal yn Jelle syn wrâld. Ik sjoch hielendal net frjemd op as de plysje de klasse binnenkomt om’t it hjoed ferbean is om te prikken. En fansels kin juf gjin ferhalen fertelle as der in grutte oaljefant mei in lange snút neist har sit. Op de yllustraasjes is fanalles te sjen, soms in hiele sêne, soms mar in lyts detail fan wat der bart. Op alle siden is wol wat te sjen. De yllustraasjes bringe my by Jelle yn ’e klasse. Soe it net hearlik wêze om de wrâld sa no en dan sa besjen te kinnen as Jelle dat docht? Ik tink samar dat guon bern dat dogge. En dat oaren harren serieus ôffreegje: is dat echt, soe dat echt sa kinne? En dan is it dêrby fansels ek hiel fijn om te witten dat, as dy nuvere fratsen dy dan dochs oer de skuon rinne, dat der dan altyd in leave juf is. In juf, dy’t de ferfelende babydino dy’t yn dyn rêchtas sit, strang tasprekt, en sorry sizze lit.
Wat in fijn boek is dit. De koarte ferhaaltsjes kinne op folchoarder, mar ek hiel goed trochinoar lêzen wurde. Gjin twifel mooglik dat alle bern harren eigen favoryt hawwe, dy’t kear op kear lêzen wurde moat.