tekst: Astrid Kuiper yllustraasjes: Monique Beijer (moniquebeijer.nl) Kick en Saar lizze op bêd en hearre in aaklik lûd. Se witte net wat it is, mar kinne der hast net fan sliepe. Se betinke in heldhaftich plan: se sille op ûndersyk út. Sjochst se al rinnen? Kiker om de nekke, bûslampe yn de hân: twa echte speurnoazen! Hiel…

De GFR
Tekst: Roald Dahl (roalddahl-boeken.nl) Oersetting: Martsje de Jong Yllustraasjes: Hilda Groenesteyn (studiohille.nl) Spannend, dat is it. In boek dat ik goed kin en dat ik geregeld foarlêzen ha oan de klassen dêr’t ik foar stien ha. Welke juf net? En dan no yn it Frysk? As it mar net ôffalt… Gau-gau sjoch ik foaryn nei…
Berneboekewike oer pakes en beppes
Sykest in leuk Frysk berneboek oer pakes en beppes? Klik ris op de titels hjirûnder ‘Skelte wol in skelter’ fan Joke Scheffer en Anna Sikkes ‘Skytmerakels’ en ‘Yn piama de dyk oer’ fan Auck Peanstra ‘Renske wol stoer wêze’ en ‘De kening fan juster’ fan Paul van Dijk ‘It ear fan Sven’ fan…

Wapper
tekst en yllustraasjes: Yke Reeder (www.ieks.nl) Op in dei fynt heit it it tiid foar Wapper, Wobke, Wabe en Wiepie om fleanles te krijen. De pykjes wurde ommers al grut! Wabe, Wiepie en Wobke witte net hoe gau’t se begjinne sille. Mar Wapper fynt it mar eng. Hy doart eins net, mar ûnder lûde oanmoediging springt er dochs. En…

Tije
tekst en yllustraasjes: Mirjam van Houten (mirjamvanhouten.wordpress.com) Tije sil ferhúzje. Fan de romte nei de stêd. Elkenien docht krekt as is dat geweldich. Tije leaut der neat fan. Hy wol net in gruttere keamer of op judo. Hy wol folle leaver in grut hiem en in goare dreksleat! It libben fan Tije stiet op ‘e…

Rôversguod
tekst: Janneke de Boer (sokiets.blogspot.nl) yllustraasjes: Vera Damhuis (veradamhuis.nl) Fan dy grutte swarte fûgels yn de tún. Fynst dy soms net om bang fan te wurden? No, Fekke ek. Mar op in dei bart der wat frjemds. It liket wol oft ien fan dy fûgels syn namme seit! En al is er eins wat benaud,…

Mem, wat ite wy hjoed?
tekst: Berber van der Geest (oer Berber van der Geest) yllustraasjes: Babs Wijnstra (www.babswijnstra.nl) Rolf hat honger. Hy trommelet op ’e tafel mei syn leppel en foarke. “Honger! Honger!” Mem giet gau mei it iten oan ’e gong. En dan wol Rolf witte: “Mem, wat ite wy hjoed?” Mar dat wol mem net samar fertelle….

Skelte wol in skelter
tekst: Joke Scheffer yllustraasjes: Anna Sikkes (anna-sikkes.nl) Dy earme Skelte: hy wol sa graach in skelter ha, mar it mei net! Heit syn hok is al fol, mem is benaud foar de auto fan buorman, buorfrou is bang foar har blommen. Wat moat Skelte no? Hy ferfeelt him sa, der is hielendal neat te dwaan! Dan…

Tsien lytse hekskes
tekst: Lida Dykstra (lidadijkstra.nl) yllustraasjes: Jung Hee Spetter Der wiene ris tsien ûndogense lytse hekskes. Se binne gek op aventoer. Mei har tsienen binne se net te hâlden en fine se de nuverste fratsen út. Al hat mem harren ek hûndert kear warskôge foar frjemde toverdrankjes, draakjes, bistefangers en oare bysûndere ynwenners fan mearkeslân, de hekskes dogge dochs…

Skytmerakels!
Auck Peanstra Anke wol op hynsteriden. Har freondinne sit der al op en it liket Anke ek moai om hynsteriden te learen. Mar thús doart Anke it net te freegjen. Har mem moat neat fan bisten ha. Fan har heit soe se hiel miskien noch wol meie, mar Anke wit seker dat it fan mem…