tekst: Hendrika Vis – de Ruiter yllustraasjes: Bernard Roorda www.siemensanne.nl Siem en Sanne wenje nêst inoar. Sanne wennet dêr noch net sa lang, mar se binne al bêste freonen. En as der op in moaie dei yn febrewaris in dik pak snie leit, dan is it net sa lestich te betinken wat se ris dwaan sille:…

Tutte mei de linten
fan Diet Huber ‘Tutte mei de linten, bûsfol sinten…’ – Ut in fier ferline stie my dit noch by, mar dan hold it op. Heech tiid dus om de klassiker fan Diet Huber noch in kear te lêzen. Sèls te lêzen, want ik leau net dat ik it boek eartiids sels lêzen ha. En earlik…

Kantsje board op Kurasao
tekst: Auck Peanstra Wa’t wolris meidocht oan in priisfraach, dy wit it: Earst bist der noch fol fan, mar nei in skoftsje ferjitst datst meidien hast. Sa gong it Jelma Travelier, de mem fan Fardau en Hidde, ek. En dan komt de brief mei it goede nijs: Jelma hat wûn! De Traveliers meie op reis…

Spegelspreuk
tekst: Lida Dykstra (lidadijkstra.nl) yllustraasjes: Roelof van der Schans (roelofvanderschans.nl) ‘Maria-Louise-Jier’ wie it yn 2015. Dit jier wie it 250 jier ferlyn dat Maria Louise van Hessen-Kassel yn it Princessehôf yn Ljouwert stoar. It boek “Spegelspreuk” spilet him ôf yn it Ljouwert fan Marijke Muoi. De 9-jierrige Willem, prins fan Oranje, is fuortrûn út Den Haach….

Snot en Triennen
tekst: Baukje Wytsma yllustraasjes: Babs Wijnstra Snot en Triennen is in hiele kleurige dichtbondel. En dan doel ik fansels net allinne op de grutte, kleurige yllustraasjes fan Babs Wijnstra. De gedichten binne al like kleurryk. De taal fan de skriuwster draagt der oan alle kanten oan by. Baukje Wytsma kin hearlik boartsje mei wurden. Har opsommings kinst hast wol…
Paul van Dijk yn byb De Jouwer
It lêste besyk oan ‘e byb yn it ramt fan “Blogger van de Maand” wie yn ‘e Jouwer. Wy wisten it eins al: de planning wie wat ûngelokkich. Mei de Jouster Merke, in oare berneaktiviteit middeis yn ‘e byb en ek noch stralend moai waar, soe de sneontemoarn nei alle fewachtings net sa drok wurde mei…
Hanneke de Jong yn Wommels
Woansdei 23 septimber mocht ik wer nei de byb yn it ramt fan “Blogger van de Maand”. Diz’ kear mei skriuwster Hanneke de Jong. Op it momint dat de skoallen yn Wommels út giene, sieten wy der klear foar. De bern koene sa oanskowe. Hanneke de Jong hie har boek “It ear fan Sven” meinaam. Se…

Renske wol stoer wêze
skreaun en tekene troch Paul van Dijk (depenvanpaul.nl) Renske har mem wol net mear by har heit wenje. En dêrom ferhúzje mem en Renske nei in oar plak. In nij doarp, in nije skoalle, nije bern. Mar hoe kinne dy nije bern nije freonen wurde? Renske wol der o sa graach by hearre, mar dat falt net…

KoesBoek
tekst: Baukje Wytsma (oer Baukje Wytsma) yllustraasjes: Carla van der Heijde (carlavanderheijde.nl) Fan dy snústerige, plat-knuffele, net mear hielendal fris-rûkende koesers mei mar ien each en in pleister op har naaigroeden: binne se net geweldich? Foaral yn kombinaasje mei in pjut of beuker dy ‘t de eigen knuffel fol oertsjûging beskermet tsjin frjemde hannen en de waskmasine….
Jan Schotanus yn it Hearrenfean
Yn it ramt fan “Blogger van de Maand” fan Bibliotheken Mar en Fean mocht ik woansdei 16 septimber mei Jan Schotanus nei de byb fan it Hearrenfean. Mei in doaze fol guod kaam ik de byb yn en ek Jan Schotanus hie tassen fol skatten meinaam om sjen te litten hoe leuk oft Fryske berneboeken wol…